Op it toniel stean twa briedstuollen. Twa âldwe mantsjes komme op. Se tôgje in ferhúsdoaze. Foar't se sitten gean, keare se dy om. Se begjinne te lêzen, prate deroer. Benammen de iene skodhollet en liket safolle mooglik yn in papierkoer te smiten. De oar, Keimpe hjit er, laket en fisket út en troch wat út 'e papierkoer. Wat se bewarje, komt yn in foliomap. As se klear binne, set Keimpe in folle swarte jiskefetpûde op de plattearde ferhúsdoaze en seit: 'No wy noch'. Dan tingelet de skriuwer wat op 'e piano, wylst Keimpe mei de ûnderkant fan syn gongelstôk it ritme oanjout op 'e boaiem fan 'e omkearde lege papierkoer. Dan stean se op, bûge nei mekoar en ferdwine.