De skriuwer en syn achtjierrige soan nimme jo mei yn harren Volvo oldtimer foar in autofakânsje rûnom de Eastsee. Fiif lannen wurde oandien: Dútslân, Denemarken, Sweden, Litouwen en Poalen. Wat is der al sa: Fryske kultuer yn it Dútske Noard-Fryslân, mychammelsyn 'e tinte, ferdivedaasje, Deenske Lego, strannen, swimparadizen, ferbjusterjend grutte brêgen, Sweedske stiifkoppen, in rekôr-rispinge oan poddestuollen yn in ûnbidich wâld en it bedúveljen fan strange badjuffen yn Litouwen. By einbeslút is der in reuny mei in ynternasjonale skoanfamylje dy't yn in noch grutter ferskaat oan lannen wennet. Faaks krije jo nocht om de tocht sels ris te ûndernimmen!